Film yn Fryslân yn de Spotlights - maitiidslêzingen freonen Tresoar

Beschrijving

Maitiidslêzingen freonen yn filmhûs Slieker yn Ljouwert

Fryslân hat in rike skiednis as it om film giet. De earste lanlike fertoaning mei bewegend byld, doetiids in sensaasje, wie yn 1896 op ’e merke yn Ljouwert troch Christiaan Slieker. Letter sette de ûndernimmersfamylje Miedema út ein mei in suksesfol bioskoopbedriuw. Snits wie dêrby in belangryk plak. Seis jier lyn waarden yn in klûs yn Amsterdam fjirtjin spoelen fûn mei hûndert jier âlde, goed bewarre films oer Snits. Sokke âlde films binne in unikum, meastal is it materiaal al fergien.


Tresoar-researchfellow Nynke Bruinsma makket der stúdzje fan hoe’t it kin dat yn Snits in bioskoopbedriuw ûntstie. Yn har bydrage sil se yngean op de rol fan de Miedema’s en op ’e produksje, ynhâld en fertoaningen fan de films. Se sil ek de kontekst beljochtsje en de ynfloed fan de Miedema’s op ’e bioskoopkultuer yn Fryslân. It plak fan it Frysk yn de (stille!) films krijt ek omtinken. Fansels sil se har ferhaal ‘ferljochtsje’ mei fragminten út de films. Nynke Bruinsma is ôfstudearre yn Arts, Media and Literary Studies (ReMA) oan de universiteit yn Grins en wurket ek yn dieltiid as programmasekretaris by Arcadia 2025.


Syds Wiersma, meiwurker en ûndersiker by it Frysk Film en Audio Argyf (FFAA), begeliedt Nynke by har ûndersyk. Hy sil yn in koarte bydrage op ’e tekst oer de wurkwize fan it FFAA. Hoe krijt it FFAA syn materiaal en wat wurdt der dan mei dien? De akwisysje fan de Miedema-films tsjinnet dêrby as foarbyld.


Froukje van Wengerden is filmmakker en ien fan de ynisjatyfnimmers fan it filmfestival plons!, in ynternasjonaal festival foar koarte dokumintêre films. It filmfestival wurdt hâlden yn de brouwerij Grutte Pier by Bartlehiem en op in skip dat dêr foar de wâl yn de Ie leit. Froukje is opgroeid yn de omkriten fan Bartlehiem. Se hat yn 2020 de poëtyske koarte doku Bartlehiem makke en wurket no oan in doku oer hoe’t it is om in jonge mem te wêzen. Sy sil it yn har bydrage hawwe oer har wurk as filmmakker yn Fryslân.

Yn it programma hoopje we sa in moai byld te jaan fan Frysk kultureel ûndernimmerskip fan doe en fan no.

De tagong is fergees

Voorgestelde evenementen